Kwaliteitssoarch

Wat is foar jo as opdrachtjouwer wichtich? Wy hearre dat graach, sadat we dêr fan it earste kontakt ôf mei jo op ynspylje kinne. Kwaliteitssoarch bliuwt dêrnei wichtich oant jo fine dat wy ús wurk goed ôfrûne hawwe.

Gedrachskoade, kwaliteitseasken en professionalisearring

NRTO As útgongspunt foar ús hanneljen, hantearje wy de gedrachskoade fan de Nederlânske Rie foar Trening en Oplieding (NRTO). Yn it ramt fan de deskundichheidsbefoardering folgje ús treners ek regelmjittich taaltrenersdagen by de NRTO. Sjoch op nrto.nl

Europeeske rjochtlinen foar trenings op it krekte nivo

Us taaltrenings slute goed oan by it nivo en de taalfeardichheden fan de kursisten. Wy hantearje dêrby de rjochtlinen fan de Council of Europe.
richtlijnen van de Council of Europe.

Sertifikaat foar kursisten

Eurolangues hat in eigen sertifikaat. Wy rikke dat út oan eltsenien dy't in trening folge hat. Wichtich is dat in kursist op syn minst 80% fan de lessen folge hat en dat it winske nivo berikt is.

NRTO-keurmerk

NRTO Keurmerk Op 2 jannewaris 2017 krige Eurolangues it NRTO-karmerk. It NRTO-karmerk is in ûnôfhinklike erkenning foar kwaliteit yn de private opliedingsmerk, útjûn troch de NRTO.

Mear witte? Sjoch op NRTO-keurmerk

CEDEO-erkenning foar klanttefredenens

alt text Om de twa jier fiert de Stifting Cedeo Bedrijfsopleidingen in klanttefredenensûndersyk út. It lêste wie yn 2017. It docht bliken dat wy yn romme mjitte foldogge oan de kwantitative en kwalitative kritearia om it predikaat ‘Cedeo-erkend’ te fieren. Mear witte? Sjoch op cedeo.nl

Profesjonele neisoarch

de geschillencommissie Binne jo nei ôfrûning fan in opdracht net tefreden? Lit it ús witte, dan geane wy fuortendaliks op 'e siik nei in passende oplossing. Mocht dat net slagje? Dan kinne jo terjochte by de kommisje fan skelen; de ynstânsje foar konsuminte- en saaklike skelen, dêr't Eurolangues by oansletten is. Sjoch geschillencommissie.nl

‘Wy dogge graach saken mei Eurolangues om't we goed oerlizze kinne oer de ynhâld fan de opliedings en fanwegen de goede priis-kwaliteitferhâlding. ‘
Opdrachtjouwer yn 'e agraryske sektor

‘O sa noflik om nei ôfrin fan in trening efkes by de opdrachtjouwer del te gean om de evaluaasjes te bepraten. ‘
Gera Boelens-Douma, direkteur Eurolangues

Kontakt

Wy steane jo graach te wurd!
Skilje: +31(0)58 288 1314 of
folje it kontaktformulier yn.