Fakatueres

Binne jo selsstannich taaltrener of oersetter en saaklik ynsteld?
Wy komme graach mei jo yn kontakt!

FAKATUERE TAALTRENER

Jo binne ferantwurdlik foar in taaltrening en stalle yn oerlis mei de klant it kursusmateriaal en it treningsprogram gear. Yn kontakt mei de kursisten hawwe jo in útnoegjende en entûsjasmearjende hâlding dy't minsken útdaget oer de frjemdetaledrompel hinne te gean. Jo fersoargje tuskentiidsk en nei ôfrûning in skriftlike evaluaasje.

Wy freegje

  • in earste- of twaddegraads foech of in ferlykber nivo
  • didaktyske feardichheden en entûsjasme
  • ûnderfining mei saaklike en op resultaat rjochte taaltrenings
  • ynsicht om winsken fan de klant oer te setten nei in doelberette trening
  • selsstannige wurkwize, kommunikatyf en sosjaal feardich

Wy biede

  • fakkundige stipe; wat kursusmateriaal/treningsmetodyk oanbelanget
  • frijheid en selsstannigens yn in oangename wurkomjouwing
  • goede beleanning

Wat foar jo? Nim Kontakt mei ús op

FAKATUERE OERSETTER
Wy komme graach yn kontakt mei allround oersetters, benammen foar de kombinaasje Nederlânsk-Ingelsk.

Wy freegje

  • treflike behearsking fan de doeltaal en fan it Nederlânsk
  • oantoanbere ûnderfining yn 't oersetten
  • ûnderfining op ferskate fakgebieten
  • fleksibelens en betrouberens; op 'e tiid leverjen en wend wêzen oan deadlines

Wy biede

  • ôfwikseljende opdrachten
  • stipe by it sykjen nei de krekte terminology
  • noflike gearwurking
  • goede beleanning Wat foar jo? Nim Kontakt mei ús op

Kontakt

Wy steane jo graach te wurd!
Skilje: +31(0)58 288 1314 of
folje it kontaktformulier yn.