In protte stelde fragen

1. Wat is it nut fan in ynteekpetear?

De ynteek laat ta in op 'e praktyk rjochte trening dy't resultaat opleveret en noflik is om te dwaan. Dêrom stelle we alderhanne fragen. Yn hokke taalsituaasjes komme kursisten terjochte? Hokke feardichheden binne fan belang? Hokke ynteresses hawwe kursisten? Wy organisearje wat jo nedich hawwe!

2. Hoe lang duorret in taaltrening?

Dat hinget fan it begjinnivo ôf en it winske einnivo. Yn trochsnee 30 lesoeren komme jo ien nivo fierder as dêr't jo yn begûn binne.

3. Hoefolle húswurk krij ik en hoe wurdt it oangenaam om te dwaan?

Twa oeren yn 'e wike les betsjut likernôch twa oeren húswurk. Sykje de iepen plakken yn jo aginda. In kertier deis is gau fûn. Lear de iene kear wurdsjes, besjoch de oare kear in filmke. Sykje de ôfwikseling, dan feroaret húswurk yn ‘lekker dwaande wêzen’.

4. Help, wat is myn nivo binnen it Europeeske Referinsjeramt?

As jo net witte wat jo ynfolje moatte op it ynteekformulier, slaan de fraach dan oer. Dat komt letter wol. De taaltrener lost it tegearre mei jo op.

5. Ik haw gjin taleknobbel, hoe geane jimme dêrmei om?

Wy meitsje learen ta ‘in aardichheid‘ wêrtroch't it hiel wat makliker wurd:

  • wy slute oan by jo eigen ynteresses
  • wy spylje yn op jo persoanlike learstyl
  • wy brûke lesmateriaal dat jo fuortendaliks tapasse kinne
  • wy noegje jo út om yn it taaldjippe te springen en te DWAAN

6. Moat ik myn taaltrening by Eurolangues folgje yn Ljouwert?

Nee, wy leverje maatwurk. Dêrom stelle we yn oerlis mei de klant de treningslokaasje fêst.
In-company bygelyks, op in oare lokaasje of by Eurolangues op kantoar.

7. Ik haw in folle aginda, hoe pas ik de lessen dêr noch yn?

Jo krije in protte karmooglikheden. De trening kin yntinsyf folge wurde yn in koarte perioade of spraat wurde oer in langere perioade. Wy stimme de lessen ek ôf op dagen en tiidstippen yn 'e wike dy't jo goed útkomme.

8. Wa sil de taaltrening jaan?

Wy sykje by alle opdrachten de taaltrener dy't dêr it bêste by past. Eurolangues let dêrby op it winske taalnivo, de ynteressesfear en it fakgebiet.

9. Krij ik wol of gjin sertifikaat?

Alle kursisten dy't op syn minst 80% fan de lessen folge hawwe, krije fan Eurolangues in persoanlik sertifikaat.

10. Hokker kwaliteit leveret Eurolangues by in oersetting dêr't hast mei is?

Wy leverje foar al ús oersetopdrachten deselde kwaliteit. By alle opdrachten sykje wy de krekte oersetter en nei oplevering fan in tekst dogge wy altyd in ekstra kontrôle.

Kontakt

Wy steane jo graach te wurd!
Skilje: +31(0)58 288 1314 of
folje it kontaktformulier yn.