Praktyske trenings

Wolle jo jo ynskriuwe foar in praktyske taaltrening? Wy begjinne fan 30 septimber 2019 ôf mei in nije searje yn Ljouwert, It Hearrenfean en Drachten. Us hiele oanbod is rjochte op 'e praktyk en wy spylje yn op jo spesifike (wurk)situaasje. Doch mei en stap yn op it nivo fan begjinners of trochsetters.

Groepsgrutte en sertifikaat

Jo folgje in praktyske taaltrening mei 5 oant 9 oare kursisten. Dat soarget foar genôch ynteraksje en biedt in optimaal resultaat. Binne der minder dielnimmers? Dan sjogge we oft de trening yn feroare foarm dochs trochgean kin. Dat dogge wy yn oerlis mei jo. Hawwe jo de trening goed trochrûn en op syn minst 80% fan de lessen bywenne? Dan krije jo fan Eurolangues in sertifikaat.

Meitsje in kar út ús oanbod


Kommersjele trening Frânsk, Dútsk, Ingelsk, Spaansk

  • Français Commercial
  • Wirtschaftsdeutsch
  • Business English
  • Español Comercial

Ynhâld fan de trening foar begjinners en trochsetters

  • Ferbetterjen fan de mûnlinge en skriftlike taalfeardichheden
  • Better tillefonearjen learen (it meitsjen fan ôfspraken, it ynhâldlik fieren fan petearen).
  • Ferbetterjen fan skriuwfeardigens (melen, skriuwen fan brieven).
  • It learen om petearen te fieren mei bûtenlânske relaasjes.
  • It feardiger wurden yn ‘social talk’.

By de trening foar trochsetters geane wy djipper yn op alles, sadat jo effektiver leare om te kommunisearjen. Wy wurkje op basis fan jo praktykûnderfining. Wat jo leare, kinne jo sadwaande fuortendaliks tapasse yn jo eigen wurksituaasje.

Praktyske ynformaasje

Nivo begjinners: 2 oant 3 jier Frânsk, Dútsk of Ingelsk.
Gjin foarkennis nedich fan it Spaansk.
Tydstip begjinners: tiisdeis 19.30 - 21.30 oere of freeds 18.30 - 20.30 oere
Nivo trochsetters: 4 oant 5 jier Frânsk, Dútsk of Ingelsk.
Ien jier ûnderfining nedich foar it Spaansk of de begjinnerskursus.
Tydstip trochsetters: tiisdeis 19.30 - 21.30 oere of freeds 18.30 - 20.30 oere
Perioade: 15 x 2 oere yn 'e wike, begjin 1e wike oktober
Tarieding: 3 oeren yn 'e wike
Kosten: € 575,-- en € 35,-- oant € 75,-- lesmateriaal.

Oanmelde? Folje it ynskriuwformulier yn.
Hawwe jo fragen? Skilje: +31(0)58 288 1314

werom nei it oersjoch


Frânsk, Dútsk Ingelsk foar tillefonistes/resepsjonistes

Ynhâld fan de trening

  • It better tillefonearjen learen (taalgebrûk tillefony, staverjen en trochferbinen leare, boadskippen oannimme, tefoaren komme fan in protte makke tillefoanflaters)
  • It op in korrekte wize ûntfangen fan bûtenlânske relaasjes.
  • It feardiger wurden yn ‘social talk’.

Wy geane oan 'e slach op basis fan jo praktykûnderfining. Wat jo leare, kinne jo sadwaande fuortendaliks tapasse yn jo eigen wurksituaasje.

Praktyske ynformaasje

Ynstapnivo: 2 oant 3 jier Frânsk, Dútsk of Ingelsk.
Perioade: 10 x 2 oeren yn 'e wike, begjin 1e wike oktober
Tarieding: 2 oeren yn 'e wike
Tydstip: woansdeis 19.30 - 21.30 oere
Kosten: € 380,-- en € 35,-- oant € 75,-- lesmateriaal.

Oanmelde? Folje it ynskriuwformulier yn.
Hawwe jo fragen? Skilje: +31(0)58 288 1314

werom nei it oersjoch


Frânsk, Dútsk, Ingelsk foar sekretaressen

Ynhâld fan de trening

  • It goed tillefonearjen learen (it pleatsen fan reservearrings, it meitsjen fan ôfspraken, it ôfhannelje fan klachten, it learen fan de stavering oan de tillefoan).
  • Op in korrekte wize ûntfangen fan bûtenlânske relaasjes.
  • It ferheegjen fan skriuwfeardigens (melen, skriuwen fan brieven).
  • It feardiger wurden yn ‘social talk’.

Wy geane oan 'e slach op basis fan jo praktykûnderfining. Wat jo leare, kinne jo sadwaande fuortendaliks tapasse yn jo eigen wurksituaasje.

Praktyske ynformaasje

Perioade: 10 x 2 oeren yn 'e wike, begjin 1e wike oktober
Tarieding: 2 oeren yn 'e wike
Ynstapnivo: 4 oant 5 jier Frânsk, Dútsk of Ingelsk
Tydstip: moandeis 19.30 - 21.30 oere
Kosten: € 380,-- en € 35,-- oant € 75,-- lesmateriaal.

Oanmelde? Folje it ynskriuwformulier yn.
Hawwe jo fragen? Skilje: +31(0)58 288 1314

werom nei it oersjoch


Frânsk, Dútsk, Ingelsk foar toerisme

  • Français du tourisme
  • Deutsch für Tourismus
  • English for tourism

Ynhâld fan de trening

Jo wurde taalfeardiger yn ‘social talk’ en ferbetterje jo feardichheden lykas skiljen, tillefonearjen, melen, skriuwen fan brieven, ynformearjen fan minsken en ôfhanneljen fan klachten. Der is gelegenheid foar eigen ynbring, sadat de taaltrening goed oanslút by jo eigen (wurk)situaasje.

Praktyske ynformaasje

Perioade: 10 x 2 oeren yn 'e wike, begjin 1e wike oktober
Tarieding: op syn minst 2 oeren yn 'e wike
Ynstapnivo: 2 oant 3 jier Frânsk, Dútsk of Ingelsk.
Tydstip: tongersdeis 19.30 - 21.30 oere
Kosten: € 380,-- en € 35,-- oant € 75,-- lesmateriaal.

Oanmelde? Folje it ynskriuwformulier yn.
Hawwe jo fragen? Skilje: +31(0)58 288

werom nei it oersjoch

‘De wyklikse lessen wiene ynspirearjend sadat it foar my in aardichheid waard om der op myn wurk mei oan 'e slach te gean.' Dielnimster praktyske trening Business English

Ynskriuwe

Wolle jo meidwaan oan in praktyske taaltrening yn Ljouwert, It Hearrenfean of Drachten? Folje it ynskriuwformulier yn.

Fagen?

Hawwe jo noch fragen oer in praktyske taaltrening?
Skilje: +31(0)58 288 1314 of folje it kontaktformulier yn.