Oersettings

Eurolangues siket by alle oersetopdrachten de krekte persoan. Ien dy't in soad fan it ûnderwerp wit en dy't mei wille oan 'e slach giet om fakwurk te leverjen. Wy sette oer yn en út it Nederlânsk, Frysk, Frânsk, Dútsk, Ingelsk, Spaansk, Portugeesk en Italjaansk. Oare talen op oanfraach.

Al jo oersetwurk yn goede hannen

  • produktferpakkings, hantliedings en dokumintaasje
  • brosjueres, nijsbrieven en thússiden
  • spiitsjes en beliedsdokuminten
  • e-learningprogramma's, lesmateriaal en boeken

Soarchfâldige wurkwize

Oersetten is in fak. It giet der altyd om om de essinsje fan in tekst yn krekte bewurdings wer te jaan. Dêrom sjogge we by Eurolangues goed nei de boarnetekst. Is dy helder genôch? Sa net, dan sette wy earst efkes de puntsjes op de ‘í’.

Eurolangues leveret kwaliteit

  • priisopjefte foarôf
  • oersetting troch memmetaalpraters
  • ekstra korreksje nei oplevering troch de oersetter
  • flotte ôfhanneling
  • oplevering oer de e-post en beëdige oersettings oer de post
  • ús kwaliteit jildt ek foar oersettings dêr't hast mei is

Korreksjewurk en second opinion

Hawwe jo oersette teksten dy't jo kontrolearje litte wolle? Wy korrizjearje se graach foar jo. Beëdige en legalisearre oersettings binne by Eurolangues ek yn goede hannen. Wy bringe ek rapportaazjes út oer dokuminten dy't meiwurkers of studinten yn it Ingelsk oplevere hawwe. Jo krije fan ús konkrete feedback op it troch jo winske detailnivo.

Saaklike taaltrenings

Eurolangues fersoarget sûnt de oprjochting yn 1989 taaltrenings op maat. Sjoch by
groepstrening op maat, yndividuele trening en family-training Wy fersoargje ek in taalnivotsjek om de taalfeardichheden fan sollisitanten of meiwurkers te bepalen.

'It bart regelmjittich dat wy ús oersetopdrachten mei in krappe deadline oanleverje. Us nijsbrief bygelyks dy't we flak foar de fakânsje noch ferstjoere wolle. Eurolangues kriget it altyd wer foar inoar om de Ingelske, Frânske en Dútske oersettings op 'e tiid yn oarder te hawwen. We kinne derop oan, dat wurket o sa noflik.'
In opdrachtjouwer yn 'e ferpakkingsyndustry

'Benammen by opdrachten dêr't hast by is, is it noflik om te witten dat Eurolangues de oersettings noch in kear mei soarch kontrolearret.'
Brigit, oersetster Eurolangues

Kontakt

Wy steane jo graach te wurd!
Skilje: +31(0)58 288 1314 of
folje it kontaktformulier yn.