Yndividuele trening

Eurolangues biedt maatwurk. Dat litte wy by útstek sjen yn 'e yndividuele taaltrening. By de opset, omfang, plenning, ynhâld en útfiering kinne wy maksimaal ynspylje op de winsken en it ferlet fan dy iene spesifike kursist. Dêrby sykje wy oansluting by de funksje, de taken, de persoanlike learstyl en de ynteresse.

Profesjonele oanpak

Yn in oriïntearjend petear beprate wy de saaklike rânebetingsten. Dêrnei giet ien fan ús taaltreners yn petear mei de kursist. Underdielen dy't oan bod komme:

  • opbou en omfang fan de trening, evaluaasjemominten
  • kar foar in yntinsive trening yn in beheinde perioade of in sprate trening
  • ynteek mei de kursisten
  • it bepalen fan it einnivo yn 'e winske taal
  • it fêststellen fan de feardichheden: lêzen, harkjen, skriuwen en/of praten Lês ek kwaliteitsoarch

Europeesk Referinsjeramt (ERK)

Om ta de krekte nivofêstelling te kommen meitsje we brûk fan de spesifikaasjes
dy't opsteld binne troch de Rie fan Europa. Besjoch it oersjoch fan A1- oant en mei C2-nivo

Ynhâld trening?

Wy stellen de trening yn oerlis mei jo gear, bygelyks:

  • tillefonearjen, e-postferkear
  • dielnimmen oan in gearkomste/kongres
  • ûnder de knibbel krijen fan faktaal
  • lêzen learen fan hantliedings
  • ûnderhandeljen, fersoargjen fan presintaasjes
  • fiere kinnen fan in ûntspannen (ferkeap)petear
  • goed funksjonearjen by in kwaliteitsaudit
  • meidraaien yn in ynternasjonaal projekt
  • selsredsum wêzen by stasjonearring yn it bûtenlân

Praktyske saken

In yndividuele trening op maat wurdt jûn op de lokaasje fan de klant, by Eurolangues yn Ljouwert of op in lokaasje nei winsk. Mei 30 lesoeren kin in kursist in nivo fierder komme as it nivo dêr't er mei ynstapt is. By in yntinsive trening wurde de lesoeren yn in koarte perioade jûn. Kieze jo foar in sprate trening dan wurdt der 2 oant 3 oeren yn 'e wike lesjûn oer in perioade fan 10 oant 15 wiken. Datums en tiden wurde altyd ôfstimd op de aginda fan de kursist. Wy fersoargje trenings op maat yn it Frysk, NT2, Ingelsk, Dútsk, Frânsk, Spaansk, Italjaansk, Portugeesk, Yndonesysk, Russysk, Taisk, Birmeesk en Sineesk. Oare talen op oanfraach.

Taalmateriaal en wurkfoarmen

Hjiroer hawwe wy oerlis mei de kursisten:

  • fakjargon fan it bedriuw en de sektor
  • films, ynternet, audiofisuele middels dy't oanslute by de ynteresse
  • moderne lesmetoaden, kranten en tydskriften
  • casestúdzjes, petearen, ferskate oefenings
  • needsaaklike kennis lân/folk/kultuer Lês ek online-learning

Groepstrening op maat en mear

Giet jo foarkar út nei in groepstrening? Lês groepstrening op maat
Giet ien fan jo meiwurkers mei syn húshâlding nei it bûtenlân? Lês family-training
Wolle jo ynformaasje oer it taalnivo fan in sollisitant of meiwurker? Lês taalnivotsjek

'Us produkttechnolooch út Perû koe him wol rêde nei in algemiene trening Nederlânsk, mar kollega's begriepen har gauris net. In yndividuele trening fan Eurolangues bea útkomst. Se krige persoanlike feedback op e-postberjochten en rapporten, wurke yntinsyf oan har útspraak, wreide har wurdskat út en optimalisearre har skriuwfeardigens. Se hat selsbetrouwen krigen, kin har goed rêde en docht aktyf mei yn gearkomsten.'
In opdrachtjouwer yn 'e technyske sektor.

'Kursisten leare folle makliker as se de lessen op harren eigen wize ynfolje meie.'
Lucia, taaltrener Eurolangues

Kontakt

Wy steane jo graach te wurd!
Skilje: +31(0)58 288 1314 of
folje it kontaktformulier yn.